Wolter Jetten Sealterfryske kollumnist
Resint ferskynd

Wolter Jetten is in nije kollumnist fan de Dútske krante General-Anzeiger. Hy skriuwt syn kollumns yn it Frysk fan de streek Sealterlân. De krante pleatste earder Sealterfryske kollums fan skriuwster Gretchen Grosser, dy’t ferline jier ferstoarn is.
De 37-jierrige Jetten komt fan it Hearrenfean, mar wennet yn it Dútske East-Fryslân. Hy hat foar de Afûk in learboek makke foar it Sealterlânske Frysk en dêr op hegeskoalle NHL Stenden les yn jûn. Okkerdeis kaam er yn it nijs om’t er in Fryske oersetting makke hat fan Franz Kafka syn bekend boek Die Verwandlung, dat by ús De metamorfoaze hjit.
De earste kollum fan Jetten giet oer de myte dat eskimo’s in hiel soad wurden foar snie hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje