‘Wjerspegelje’ wreidet út mei 96 lokaasjes

april 1, 2021 13:34

Twa moanne nei de lansearring fan Wjerspegelje wreidet it projekt mei Fryske poëzij op spegels op 1 april út mei acht dichters en 96 lokaasjes. Wjerspegelje benut it oanbefelle RIVM-hanwaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.

Foto: Lucas Kemper

Jeanet Hospes freget foar Merk Fryslân de lokaasjes: “Njonken oernachtings- en hoarekalokaasjes hawwe wy ek oare iepenbiere gelegenheden frege. Sa dogge der bygelyks ek biblioteken en oare kulturele organisaasjes mei. De reaksjes binne tige entûsjast en wy krije ek spontane oanmeldingen. Dat lêste is moai en der is noch plak foar mear lokaasjes.” Yn totaal binne der no tritich ferskillende Fryske gedichten te lêzen op 575 spegels fan 104 lokaasjes. De besikers komme mei it scannen fan in QR-koade by de Nederlânske oersetting.

Fariearre spegelpoëzij
De dichters krije de opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Ernst Bruinsma, saaklik lieder: “De spegelpoëzij is wakker ûngelyk trochdat wy de groep dichters mei soarch gearstalle. Sa freegje wy sawol dichters mei ûnderfining as opkommende talinten. Neist Frysktalige dichters sitte der ek oarstalige profesjonals by. Dy leverje yn it Nederlânsk oan, en dêrnei makket in literêr oersetter de Fryske ferzje.” De dichters dy’t bydroegen oan de twadde searje binne Sannemaj Betten, Job Degenaar, Joël Hut (yn it Súdwesthoeks), Jan Kleefstra, Roelof ten Napel, Michelle Samba, Albertina Soepboer en Syds Wiersma. Op basis fan Soepboers gedicht ‘Jûnsklokkroketblues’ is in fideo makke, dêr’t it fers op ferskillende plakken yn foardroegen wurdt. De sjogger reizget mei fan It Amelân nei Appelskea en fan Hylpen nei Tytsjerk.

Alle gedichten stean yn it Frysk en it Nederlânsk op friesland.nl/wjerspegelje. Dêr is ek in oersjoch fan de lokaasjes te finen. De kommende tiid wurdt it projekt fierder útwreide ta yn totaal fyftich gedichten. Wjerspegelje is basearre op it Swolske idee Weerspiegelen en is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

april 1, 2021 13:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.