Winner Young Grunn Artist III wurdt online bekendmakke

april 3, 2021 10:37

Hokker keunsttalint út Grins kriget meikoarten in eigen útstalling yn it Grinzer Museum? Dat wurdt op tiisdei 13 april om 16.00 oere online bekendmakke. Presintator Afra Rijkhoff yntrodusearret de trije finalisten fan de Young Grunn Artist III (YGA) en giet mei harren yn petear.

Ofbylding: NP3/Grinzer Museum

NP3 en it Grinzer Museum nûgje belangstellenden fan herten út om dêr firtueel by oanwêzich te wêzen. De deis foar it bekendmeitsjen wurdt in link ferstjoerd dêr’t it evenemint mei te folgjen is.

De nominearre keunstners
Nei in spannende earste seleksje-omgong keazen NP3 en it Grinzer Museum út mear as 45 ynstjoeringen trije gadingmakkers foar it YGA III-trajekt. Jurjen Galema, Susanne Inglada en Marit Westerhuis folgje sûnt oardel jier in talintûntwikkelingstrajekt en meitsje no kâns op in grutte soloútstalling yn it Coop Himmelblau-paviljoen fan it Grinzer Museum.

Young Grunn Artist (YGA)
YGA is in talintûntwikkelingsprogramma fan NP3 en it Grinzer Museum. Yn it YGA-trajekt krije trije selektearre keunstners ekstra stipe foar in folgjende stap yn harren karriêre en dêr’t se harren keunstnerskip mei oanskerpje en ferdjipje kinne.

Sjoch ek op www.groningermuseum.nl/kunst/yga-111.

april 3, 2021 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.