Wêrom hawwe wy bijen nedich?

april 5, 2021 10:26

Nijs fan It Fryske Gea

Yn it wykein fan 17 en 18 april wurdt de fjirde Nasjonale Bijetelling holden. Ferline jier waarden goed 130.000 bijen teld. It is belangryk dat minsken meidogge oan de telling, want hoe mear minsken har ynskriuwe en meidogge, hoe mear ynformaasje der oer de wylde bij sammele wurde kin. De telresultaten brûke ûndersikers om mear oer wylde bijen te witten te kommen. En dat is wichtich, want mei in grut tal soarten wylde bijen giet it net goed.

Bijen binne der yn in protte soarten en grutten. Holders binne grutte, tsjokke bijen mei wollich en kleurryk hier. Oare bijen binne just lyts, slank en hast keal. De kleuren fariearje fan hielendal swart of metaalgrien oant bûnt mei reade, wite of giele plakken. Bijen hawwe dus net altyd swartgiele strepen.

Bijen bedrige
Yn Nederlân komme hast 360 bijesoarten foar. Mear as de helte fan de yn Nederlân foarkommende wylde bijen is bedrige, of sels hielendal ferdwûn. Se hawwe te lijen ûnder de yntinsive lânboumetoaden, bestridingsmiddels, ferstêdliking en grienbehear. Dat is in grut probleem, want bijen binne tige wichtich foar ús. In protte minsken tinke dat bijen allinnich foar it meitsjen fan huning soargje, mar bijen dogge folle mear as dat. Frijwillich bijehâlder Jan Bos fertelt: “Bijen en oare ynsekten bestowe nammentlik in hiel grut persintaazje fan alle ytbere gewaaksen en wylde planten. Sa’n fytich persint fan de griente en it fruit dat yn ’e supermerk leit, hawwe wy oan de bijen te tankjen.”

Wat kinne jo dwaan?
Jo kinne de bijen sels in hantsje helpe troch bygelyks bijehotels om hûs hinne. Jan Bos: “Bijehotels wurde troch ferskate soarten mitselbijen brûkt. Se lizze yn de gong stomoal mei dêrop in aaike en meitsje dan in tuskenskot, wer stomoal, in aaike en dan in tuskenskot. De yngong wurdt tichtmitsele mei liem/klaai/modder, dêr tankje se har namme oan.” Hingje in bijehotel yn ’e sinne (of heal skaad) yn de buert fan jo terras sadat jo de bijkes goed besjen kinne. En helje de stiennen út de tún en meitjse dy net te netsjes.

“Bijen hâlde fan in wat rommelige tún, dus meitsje de tún foaral net te netsjes en helje ris in stien út de tún!” Bijen binne gek op hearlik rûkende planten mei prachtige blommen en beien dy’t se bestowe kinne. Wolle jo graach fan dat skouspul genietsje? Siedzje of plantsje se yn jo tún. Of meitsje blombollen. Op dy wize jouwe jo de bijen folop mooglikheden harren wurk te dwaan en wurdt jo tún ek noch ris moaier! Gjin tún? Gjin need. Sels inkelde planten op it balkon of potten op it terras lokje al bijen. Tink oan lavindel.

Hoe telle jo mei?
Dielnimmers kinne har foarôf al ynskriuwe op de webside fan de Nasjonale Bijetelling. Foarynskriuwers ûntfange de kommende wiken ynformaasje en weetsjes oer de bij, en fansels tips om aanst goed telle te kinnen. It bijegidske en telformulier binne al del te heljen. Dêrmei binne de sechtjin meast foarkommende soarten bijen yn ’e tún makelik werom te kennen. Telle kin dit jier direkt yn de tún fia in snoadfoan of tablet. Op de webside stean boppedat tips hoe’t men de wylde bij oan mear iten of nêstgelegenheid yn de tún helpe kin. Jan Bos: “Telle mei bern is ek hiel aardich, sa binne se lekker bûten en leare se ûnderwilens noch wat oer de bijen.”

april 5, 2021 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.