Weriepenjen terrassen: 1 op 10 besikers follet gegevens net goed yn

april 22, 2021 09:31

No’t de terrassen wer foar in part iepen gean, sille hoarekaûndernimmers harren besikers opnij freegje moatte om kontaktgegevens foar boarne- en kontaktûndersyk. Hast ien op de tsien hoarekabesikers follet de formulieren lykwols net altyd goed yn (9%). Dat en mear docht bliken út in enkête fan VPNGids.nl nei privacy by kontaktformulieren.

Foto: pixabay.com

Fan de groep besikers dy’t de formulieren net goed ynfollet, lit in grut part bewust ferkearde gegevens efter (63%). Oaren wegerje hielendal om gegevens yn te foljen. Foaral manlju tusken 40-49 jier folje geregeld bewust it formulier net of net goed yn: hast ien op de seis (16,3%).

Datalekken by kontaktformulieren net ûngewoan
Dat hoarekabesikers de gegevens net of net goed efterlitte, hat mooglik te krijen mei privacyrisiko’s. Mei hast ien op de tweintich Nederlanners is nei in besite oan de hoareka ien kear net-winske kontakt opnommen.

David Janssen, ynternetfeilichheidsanalist by VPNGids.nl, sjocht dat de kontaktformulieren faak net winsklik binne út in privacy-eachpunt wei. “Krekt as in protte Nederlanners sjoch ik tige út nei de iepening fan de terrassen. Mar mei it each op bygelyks it GGD-lek mei persoansgegevens, binne dat soarte fan kontaktformulieren net altyd like winsklik op it mêd fan privacy. Der is earder in protte misbrûk makke fan de formulieren en in substansjele groep hoarekabesikers follet de listen dêrom net goed yn.
Ut ús enkête en in rapport fan de Autoriteit Persoansgegevens docht bliken dat ôfrûne simmer ferskate Nederlanners nei ôfrin fan in hoarekabesite in Whatsapp-berjochtsje mei romantyske yntinsjes ûntfongen fan ien dy’t in telefoannûmer bemachtige hie fia in registraasjeformulier. Dat is fansels net de bedoeling en it ûnderminet it betrouwen yn de hoareka.”

Minder besikers troch formulieren
De kontaktformulieren hawwe yndied negative effekten op besikersoantallen. 14,9% fan de Nederlanners besitet minder hoareka fanwege de fraach om kontaktgegevens efter te litten.

Undersyksopset
VPNGids.nl liet flak foar de sluting fan de hoareka troch in ekstern ûndersyksburo (in dochterbedriuw fan ûndersyksburo Panelwizard) in online enkête ôfnimme ûnder 800 Nederlanners yn de âldens fan 16 oant 59 jier. Respondinten waard frege nei harren ûnderfiningen mei en mieningen oer sawol kontaktformulieren yn de hoareka as de koroanamelderapp.

april 22, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.