Werbrûkte kapsule fan SpaceX oan ISS keppele

april 29, 2021 08:46 Fernijd

De werbrûkte Crew Dragon-kapsule fan SpaceX is ôfrûne sneon oan it ynternasjonale romtestasjon ISS keppele. De kapsule mei dêryn fjouwer astronauten wie freed lansearre fan it Kennedy Space Center yn de Amerikaanske steat Floarida.

Crew Dragon op Falcon 9 (foto: SpaceX – publyk domein)

Sneontemoarn waard de kapsule mei sukses oan it ISS keppele, dat op dat stuit sa’n 420 kilometer boppe de Yndyske Oseaan fleach. De fjouwer astronauten oan board, Shane Kimbrouh, Megan McArthur, Akihiko Hoshide en Thomas Pesquet, sille har de kommende seis moanne yn it romtestasjon tahâlde en wittenskiplike eksperiminten útfiere. Hja ferfange fjouwer oare astronauten, dy’t woansdei yn harren eigen kapsule op wei werom nei de ierde gien binne.

april 29, 2021 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. F.L. Wersma april 30, 08:04

    WERbrûkte? Dat WER boazet oan en is in ynterferinsje dy’t mijd wurde moat. Los soe wol kinne: Wer brûkte … Better: Opnij/fannijs/nochris/op é[n] nij brûkte…

  2. Ed Knotter april 30, 12:00

    HERbrûke soe in dúdlike ynterferinsje wêze. WER is in ferfrysking fan HER. Oare foarheaksels komme ek wol foar, lykas OER of OM. (oerdope, omdope = werdope) of TROCH (trochferkeap = werferkeap).
    It hânwurdboek jout in hiele rige fan wurden mer WER.
    Mar moai Frysk is it net. Ik jou ek de foarkar oan OP ‘EN NIJ.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.