Aant Mulder: Wat in wetter
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Skiednis mei Hilbert: Fryske en Frankyske munten út Doarestêd 0
Kollum
De peaskedagen binne foarby. Dy binne we hast alwer fergetten, it waar noch net. In brede stoarm mei huzehege weagen kaam út it hege noarden wei delsetten en makke dat te uzes stikken strân en strântinten it belije moasten. De earste peaskedei mei sinneskyn waar feroare de oare deis yn in dei mei wynpûsten, mei sniebuien, in dei mei heil en fan en ta sinne. Us kaam de siswize oangeande griene krystdagen en wite peaskedagen yn ’t sin. As de krystdagen wyt binne, binne de peaskedagen grien en oarsom. De jongerein hat neat mear mei sokke siswizen, begriepen we yn petearen mei de bern yn dy dagen.
Doe’t ik op de telefyzje dy weagen seach, tocht ik oan de titel fan in boek: We strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot (útjouwerij Louise). Yn dat boek giet it benammen oer de hjerststoarms, dy’t makken dat it yn De Lege Midden fan Fryslân ien grutte striid waard om de holle boppe wetter te hâlden, letterlik en figuerlik. Mar dochs dy striid, it bodzjen op en om de polderdykjes, waard hieltyd opnij oangien. Sa wie dat yn dy omkriten hast iuwenlang it gefal. No’t de striid tsjin it wetter mondiaal besjoen fansels in hieltyd dregere striid wurdt, tinke stêdeboukundigen der hieltyd faker oer nei om op it wetter te bouwen. Op guon plakken wurdt dat sels al dien. Dêr seach ik yn dyselde peaskedagen in programma oer.
Dat makke dat ik We strûpe derûnder! opnij út de boekekast krige. Doe’t ik earder dat boek lêzen hie, wist ik net rjocht wat ik der fan tinke moast. It begûn al mei it feit dat dat boek in roman neamd waard. Ik ha der wol oan en fyn dat ek. It boek fan oer de twahûndert bledsiden bestiet út twa dielen, it earste diel Jeen en Anne, it twadde Libje en buorkje yn De Alde Feanen. It binne eins beskriuwingen fan hoe’t yn dy tiid en yn dy omkriten wenne en wurke waard.
It earste part fan dit boek sprekt my it measte oan. Dy titel docht ek tinken oan in roman. It giet ek wol oer twa minsken dy’t it mei-inoar hâlde, mar dêr is eins alles wol mei sein. Dat earste diel giet benammen oer it bodzjen fan Jeen en Anne mei útsjoch op it lyts boerespultsje yn Earnewâld. Dat slagget, mar dat betsjut tagelyk dat der noch hurder wurke wurde moat. Oer dat krewearjen wurde prachtige en werkenbere haadstikken skreaun, dêr’t benammen it ûngetiidzjen en it ielfiskjen yn oan ‘e oarder komme. Ik tink dat De Groot as gjin oar dat dwaan en litten beskriuwe kin. Hy is fan dy wrâld en in part fan wat er fertelt har er sels meimakke en oars ha oaren him wol ferteld hoe’t it noch earder om en ta gie.
Mar dochs dy striid, it bodzjen op en om de polderdykjes,
waard hieltyd opnij oangien.

Gjalt de Groot. Foto Cees van der Meulen
Wat De Groot beskriuwt is nei 1945 op in protte wat lytsere boerespultsjes noch goed werkenber. De beskriuwing fan dat hânwurk sprekt wat my oanbelanget it meast ta de ferbylding. Dat hie fansels net slagge as de skriuwer yn dat boek net in treflike ferteller west hie. Mei dat âlde hânwurk komt ek in protte âlde taal nei boppen ta. Oer Jeen en Anne komme we fierder eins net iens in protte te witten. It boek liket earst en meast ornearre te wêzen foar de wat âldere lêzers, dy’t it plattelân as komôf ha. De jongere lêzer rint tsjin twa swierrichheden oan: de âlde beroppen en de taal fan dy tiid.
De ûngetiid komt rillegau oan ’e oarder. Yn dy ûngetiid wurde ek in pear fûken set, want in iel, bakt of rikke, wie in geniet. Dêr begjinne eins de ferhalen oer de fiskerij. Dat wurdt foar Jeen yn de hjerst in byfertsjinst om’t Anne it fee dan wol berêde kin. Jeen betinkt dat Wytze Valk fan Warten, in jonge út in grutte fiskershúshâlding, him faaks wol helpe kin. It betsjut dat de measte haadstikken út dat earste part oer Jeen en Wytze geane en dus oer de fiskerij. It wurdt in bjusterbaarlike fiskerij, dy’t prachtich beskreaun wurdt. Men moat suver fisker wêze om it goed te begripen, dat wol. Dat is it wurk, mar it moatte tagelyk tiden west ha dat it mâl om en ta gie. It kin in lyts wûnder neamd wurde dat Jeen en Wytze wer sûn en hiel thúskomme.
It twadde diel stekt wat oars yninoar. Yn dat diel giet it benammen om de boerespultsjes, de pleatskes en de minsken dy’t dêr op wenne en wrotten ha. Sa krije we sicht op it libben fan doedestiden. It giet wer oer ûngetiidzjen, mar ek oer reidsnijen en fiskjen, mei de boat de kontakten mei de bewenne wrâld ûnderhâlde of op redens oer. It binne gauris oangripende ferhalen. Sa komme we as lêzer yn de kunde mei it libben op pleatskes as Luctor et Emergo, Cuba, Werklust, Laban. By sokke nammen en omstannichheden kin it hast net oars as men moat ek oan dat oare boek tinke. Ik bedoel: De Oerpolder fan Hylke Speerstra, dat yn en om It Heidenskip spilet. Dêr komme net allinne ek sokke beskriuwingen yn foar mar ek nammen fan pleatsen lykas Lytse Hel en Lyts Walhalla of De Wolvetinte en De Draaide Skoarstienpleats. Tiden en omstannichheden binne aardich gelyk.

Alde Feanen om 1900 hinne. Boarne: Topografische Dienst Emmen, bew. Jacob de Winkel
Nee, it is net in roman, mar it lêst wol as in roman. It liket my ta dat in kronyk in bettere omskriuwing is. Libjen en wurkjen yn de foarige beide iuwen yn De Alde Feanen, dy’t beskreaun binne as wie it in roman. Dat soe myn gearfetting wêze.
Op it pleatske 18 mêd (Werklust) is myn beppe fan memmekante Siebrich berne. Hja wie de dochter fan Johannes Steenbeek en Hiltsje Houwing. Hja hie ek in sus Beitske en in sus Jantsje. Beitske troude mei Halbe van den Berg fan de Koaipleats tichteby, en Jantsje mei Halbe syn broer Piebe. Halbe en Beitske waarden de âlden fan de Âlvestêdewinner 1954 Jeen van den Berg. Myn beppe Siebrich troude mei Hendrik Borger fan Sumarreheide. Yn 1920 kamen se mei syn beiden fan Âldegea (Sm) nei Terwispel op in Jânstenstiftingspleatske yn de om 1880 hinne droechfallen puollen en petgatten tusken Terwispel en de Tynje. Myn mem Hiltsje, neamd nei Hiltsje Houwing, waard yn 1919 berne by Âldegea, mar groeide op by Terwispel. It wienen allegearre ienfâldige minsken, lytse boerkes en arbeiders. Beppe Siebrich hat jierrenlang sekreteresse fan de ôfdieling Terwispel fan de CPN west. Se wie noch wol doopt yn de tsjerke yn Warten, mar se moast neat fan it leauwe hawwe. En dat wie mei har susters ek sa.