Wat fine jim fan It Nijs?

april 13, 2021 15:38

De Ried fan de Fryske Beweging hâldt graach fieling mei de Friezen oer syn krewearjen. As útjouwer en haadsponsor fan ItNijs.frl wol de Ried dêrom graach ris fan de Nijslêzers hearre wat se fan de Frysktalige ynternetkrante fine en, as it mooglik is, tagelyk nije ideeën garje.

Yn dat ramt kinne de útkomsten fan in enkête, dy’t twa jier lyn troch de redaksje holden is, wat hâldfêst jaan – sjoch hjirre – lykas de folgjende (foarbyld)fragen:

  • Is it oanbod fan aktualiteiten, mei yn relaasje ta wat oare mediakanalen oanbiede, nijsgjirrich genôch; wolle jim faaks mear djipgong of just mear ferdivedaasje?
  • Kriget it ferskaat oan mieningen oer maatskiplike saken op lykwichtige wize syn gerak?
  • Wat fine jim fan de foarmjouwing; wurde de artikels oersichtlik genôch presintearre of kin it handiger en nofliker?
  • Is it brûkte Frysk oantreklik om te lêzen, geef genôch of just te dreech?
  • Soenen jim It Nijs oanrekommandearje yn jim fermiddens; wêrom wol of net?
  • Draacht It Nijs by oan taalûnderhâld; wurdt it lêzen fan Fryske teksten sadwaande hieltyd makliker, docht it dêrtroch fertuten foar it skriuwen derfan en komme jim bygelyks gauris yn de kunde mei fergetten wurden en is dat faaks reden om dy ek wer ris te brûken?
  • Wolle jim miskien korrespondint foar It Nijs wurde of kenne jim minsken dy’t dat wolle?

Mar los fan dy fragen, binne alle oare opmerkingen likegoed wolkom. De Ried is tige benijd nei de respons, likefolle oft dy no posityf of negatyf is. Krityk wurdt sa mooglik brûkt om ferbetteringen troch te fieren. Reaksjes kinne oer de mail stjoerd wurde nei ynfo@fryskebeweging.nl of brûk oars dit kontaktformulier. Noch leechdrompeliger is fansels it pleatsen fan opmerkingen ûnder dizze oprop, dy’t ek meinommen wurde.

Wa’t syn of har ynbring leaver mûnling docht en/of graach ris de eftergrûnen fan de keazen wurkwizen heart of wat yngeander petearje wol oer de tipelsinnichheden dy’t anneks binne mei it meitsjen fan in nijswebside yn in minderheidstaal, kin meidwaan oan in te organisearjen digitale ynsprekgearkomste. Wa’t dêr niget oant hat, kin dat allyksa fia de niisneamde responsmooglikheden trochjaan.

april 13, 2021 15:38
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. eelco dijkstra april 14, 22:14

    wurkelik wier in moaie side
    werom soene je it nijs op it earste plak net ynt Frysk ta jim komme litte komme kinne?
    de aore taal kin dan letter noch

  2. Yne Meindertsma april 18, 17:27

    Ik bin bliid dat It Nijs der is.
    Eltse dei rin ik sa it nijs efkes del. Sûnder healte fan tiden it nederânsk lêze moatte, sa at dat yn’e Omrop app bart.
    At jo dêr sommige stikjes lêze, is it mear hollânsk dan it frysk.
    Fjirders kin ik op alle fragen it adert ‘ja’ jaan, útsein de lêste. Foar my gjin korrespondint 😉

  3. Hindrik april 20, 10:28

    Ik sjuch er nei, ot ik de mail kriigen ha. Sil er wat faker nei sjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.