Waarpraatsje: Woansdei noch wat mylder

april 27, 2021 18:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in mylde en foar it grutste part strieljende Keningsdei wurdt it woansdei noch wat mylder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. By in swakke eastewyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.

Woansdei skynt de sinne wer geregeld, mar yn ‘e rin fan ‘e dei nimt de bewolking ta. De wyn komt út it easten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar boazet de wyn yn ‘e rin fan ‘e dei oan en wurdt frij krêftich. It sil in graad as 15 wurde.

Tongersdei wurdt, nei alle gedachten, in ritige dei.

Jan Brinksma

april 27, 2021 18:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.