Waarpraatsje: Woansdei noch ûnlijich

april 6, 2021 18:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De iene bui mei snie en heil jage tiisdei de oare. Der kaam gjin ein oan. It bliuwt noch ien dei ûnlijich.

Tiisdeitejûn falle der winterske buien en yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei reint it in skoft, mar wiete snie is ek net útsletten. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich mei swiere wynpûsten. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Woansdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der falle ek in pear buien, miskien noch mei heil en wiete snie. De noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich, mar earst noch hurd. It wurdt 6 graden.

Tongersdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch mar it is noch wol te kâld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

april 6, 2021 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.