Waarpraatsje: Tongersdei kâld en wiet

april 28, 2021 17:29

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze woansdei, mar it waar foar tongersdei sjocht der in stik minder goed út. Wy krije wer ris rein en it is kâld foar de tiid fan it jier.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en der kin in bui falle. De noardeastewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 5 graden.

Tongersdei is it skier en it reint sa út en troch. Yn ‘e rin fan ‘e dei is in glimp fan de sinne net hielendal útsletten. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 9 graden.

Nei tongersdei bliuwt it in bytsje ritich, mar de sinne skynt sa út en troch wol. Mei goed 10 graden is it noch hieltyd te kâld.

Jan Brinksma

april 28, 2021 17:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.