Waarpraatsje: Tongersdei drûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Der foelen woansdei al wat minder buien en tongersdei sil it nei alle gedachten, sa goed as, drûch bliuwe.
Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei binne der flinke opklearringen, mar in bui is noch net hielendal útsletten. De westewyn wurdt swak oant matich, by de kust lâns earst noch frij krêftich. De temperatuer leit tusken de -1 en 3 graden.
Tongersdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. De wyn giet nei it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêfich oant miskien wol krêftich yn it Waadgebiet. It wurdt 7 graden.
Freed feroaret der net folle, mar it waar foar it wykein sjocht der min út.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje