Waarpraatsje: Tiisdei noch myld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie moandei in hiel kreaze en mylde maitiidsdei. Tiisdei is it ek noch oan de mylde kant, mar fan woansdei ôf wurdt it wer in stik kâlder.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen. By in swakke noardeastewyn wurdt it 3 graden.
Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar der kin ek in bui falle. De swakke wyn komt út it noarden en it is in graad as 14.
Fan woansdei ôf wurdt it oerdei net folle waarmer mear as 10 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje