Waarpraatsje: Sneon wat sinne, snein skier

april 2, 2021 18:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in kâlde dei mei in stûfe wyn. Yn it wykein bliuwt it fris en fan Twadde Peaskedei ôf wurdt it ‘wintersk’ kâld.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft earst berûn, mar letter klearret it (wat) op. De wyn komt út it noarden en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.
Sneon is der kâns op sinne, mar dy hat it op guon plakken ek dreech. De noardewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt in graad as 10.
Snein wurdt in skiere dei mei sa út en troch in glimp fan de sinne. By in matige westewyn is it 9 graden.
Fan moandei ôf wurdt it in pear dagen ûnlijich en kâld mei winterske buien.
Jan Brinksma
april 2, 2021 18:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.