Waarpraatsje: Rûge en kâlde Peaskemoandei

april 4, 2021 17:49

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in fris wykein mei in soad bewolking. Fan moandei ôf wurdt it noch in stik kâlder en der falle winterske buien.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it earst (frij) helder, mar letter rekket de loft berûn en reint it in skoft. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt 4 graden.

Moandei skynt de sinne geregeld, mar der falle ek in pear buien, miskien wol mei heil, (wiete) snie en tonger. De noardwestewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd en yn it Waadgebiet letter stoarmich. Yn buien is boppedat kâns op swiere wynpûsten. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Tiisdei feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt ûnlijich.

Jan Brinksma

april 4, 2021 17:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.