Waarpraatsje: Rêstich wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Waarm wie it freed net, mar om’t der net al te folle wyn stie, fielde it dochs wol noflik oan. It waar foar it wykein sjocht der ek goed út.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon is der kâns op bewolking, mar wat opklearringen binne ek net hielendal útsletten. By in swakke noardwestewyn leit de temperatuer tusken de 1 en 4 graden.
Sneon wikselje bewolking en sinne inoar ôf en yn ’e moarntiid soe der in spatsje reinwetter falle kinne. De wyn giet nei it noarden oant noardeasten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar letter frij krêftich. It wurdt in graad as 10.
Snein feroaret der net folle oan it fêste waar. By in matige noardewyn wikselje bewolking en sinne inoar wer ôf en mei 9 graden is it noch hieltyd te kâld foar de tiid fan it jier.
Takomme wike binne der gjin grutte feroaringen yn it waar te ferwachtsjen.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje