Waarpraatsje: Rêstich mar fris wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in strieminne en wiete tongersdei (yn Starum foel goed 35 milimeter reinwetter) wie it freed al in hiel stik better. It waar foar it wykein sjocht der ek wol goed út, mar waarm wurdt it net.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it westen en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 4.
Sneon is der earst bewolking, mar letter komt de sinne der hieltyd better by. Der binne dan wol hingelwolken. De swakke wyn komt út it westen oant noardwesten. Yn ‘e rin fan ‘e dei wurdt de wyn matich en komt dan út it noarden oant noardwesten. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.
Snein skynt de sinne ek geregeld en it bliuwt, sa goed as, drûch. By in matige noardwestewyn wurdt it net folle waarmer as 10 graden.
Nei it wykein wurdt it ritich mei in soad wyn. Myld maitiidswaar is noch hiel fier fuort.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje