Waarpraatsje: Rêstich en stadichoan mylder

april 15, 2021 19:11

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei rêstich maitiidswaar mei sinne en bewolking. It bliuwt foarearst rêstich en drûch.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. By in swakke oant matige noardewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Freed skynt de sinne geregeld, mar der binne ek wer hingelwolken. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is swak oant matich. It wurdt 10 graden.

Yn it wykein bliuwt it ek drûch en sjogge we de sinne geregeld. It is dan goed 10 graden.

april 15, 2021 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.