Waarpraatsje: Oanhâldend kâld

april 5, 2021 18:58

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kâlde Twadde Peaskedei mei rûnom yn Fryslân flinke buien mei snie en heil. Tiisdei feroaret der net folle.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf en der falle in pear winterske buien. De wyn komt út it westen oant noardwesten en wurdt matich, by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar der falle ek wer flinke buien mei snie en heil. De noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich. It wurdt net folle waarmer as 6 graden.

Woansdei is it ek noch ûnlijich.

Jan Brinksma

april 5, 2021 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.