Waarpraatsje: Oanhâldend drûch

april 20, 2021 19:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei wer in kreaze en mylde maitiidsdei, mar fan woansdei ôf wurdt it stadichoan kâlder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei binne der flinke opklearringen, mar der is sa út en troch ek wat bewolking en der kin in buike falle. Op plakken wêr’t it helder bliuwt, kin it it wat dizenich en dampich wurde. De wyn komt út it noarden en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt in graad as 4.

Woansdei is der earst, nei alle gedachten, in soad bewolking, mar letter op ‘e dei klearret it op. De noardewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 9 en 12 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it oerdei miskien krekt 10 graden. Der is alle dagen wol sinne en it bliuwt drûch.

Jan Brinksma

april 20, 2021 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.