Waarpraatsje: Moandei in winterske bui

april 11, 2021 18:20

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kâld wykein, mar oerdei wie it foar it grutste part drûch. Takomme wike knapt it waar stadichoan wat op, mar moandei is der kâns op in winterske bui.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it earst helder en op guon plakken kin wat damp ûntstean. Letter komt der mear bewolking en soe der in winterske bui, miskien wol mei tonger, falle kinne. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. De temperatuer leit op de measte plakken krekt boppe it friespunt.

Moandei skynt de sinne sa út en troch, mar der falle ek in pear winterske buien, miskien wol mei tonger. De weste- oant noardwestewyn is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 7 graden.

Fan tiisdei ôf bliuwt it in skoft, sa goed as, drûch en letter yn ‘e wike wurdt it ek wat mylder.

Jan Brinksma

april 11, 2021 18:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.