Waarpraatsje: Kreas wykein

april 16, 2021 19:07

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in dei mei in soad sinne en it waar foar it wykein sjocht der ek goed út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder en op guon plakken kin wat damp ûntstean. By in swakke oant matige noardewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Sneon skynt de sinne wer geregeld mar, der binne ek hingelwolken. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oant it waar. Der is, nei alle gedachten, wat minder sinne, mar it bliuwt drûch en by in matige noardeastewyn wurdt it 11 graden.

Takomme wike bliuwt it fêst waar mei op moandei en tiisdei kâns op in spatsje reinwetter.

Jan Brinksma

april 16, 2021 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.