Waarpraatsje: Fris maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in kreaze tongersdei mar mear as 10 graden frisser as woansdei. It bliuwt foarearst oan de kâlde kant.
Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it 4 graden.
Freed rekket de loft stadichoan mear berûn, mar in glimp fan de sinne is net útsletten. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar wurdt de wyn letter frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.
Yn it wykein bliuwt it fris en de sinne hat it dreech.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje