Waarpraatsje: Freed better
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Na twa strieljende dagen wie it tongersdei striemin waar. It wie kâld en it hat in hiel skoft reind. It waar foar freed sjocht der wer better út.
Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en der soe noch hieltyd wat reinwetter falle kinne. Letter is in opklearring ek net hielendal útsletten. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is swak oant matich. It wurdt 5 graden.
Freed is de loft earst noch berûn en der kin op guon plakken in bui falle. Letter op ‘e dei komt de sinne der sa út en troch ek by. By in matige weste- oant noardwestewyn is it in graad as 10.
Yn it wykein bliuwt it, sa goed as, drûch. De sinne skynt geregeld, mar waarmer as in graad as 11 wurdt it net.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje