Waarpraatsje: Fêst waar, mar oan de kâlde kant

april 22, 2021 19:08

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hie it tongersdei yn Fryslân dreech en it wie ek in kâlde dei. Dat te kâlde waar foar de tiid fan it jier hâldt oan.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de kâns op bewolking grutter as dat it opklearret, mar in pear opklearringen binne net hielendal útsletten. De wyn komt út it noarden en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit tusken de 2 en 5 graden.

Freed skynt de sinne, nei alle gedachten, geregeld, mar der komme ek hingelwolken. By in swakke oant matige noarde- oant noardwestewyn wurdt it in graad as 10.

Yn it wykein wikselje sinne en bewolking inoar ôf. It wurdt net folle waarmer as 11 graden.

Jan Brinksma

april 22, 2021 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.