Waarpraatsje: Efkes wat mylder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wol mar net noflik maitiidswaar wurde en ek de measte beammen binne noch keal. De 20 graden is, nei alle gedachten, oant fier yn maaie net oan ´e oarder. De earste dagen fan de nije wike wurdt it wol efkes in bytsje mylder.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder en op guon plakken kin wat damp ûntstean. By in swakke noarde- oant noardeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Moandei skynt de sinne geregeld, mar der is ek wer kâns op (wat) bewolking. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 9 en 12 graden.
Tiisdei en woansdei wurdt it wat mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje