Waadgastronomy moat griene en kulinêre toerist nei it Waad helje

april 2, 2021 08:51 Fernijd

It Waadfûns hat grien ljocht jûn foar it programma ‘Waddengastronomie versterkt Werelderfgoedbeleving’. Yn dat programma wurkje NHL Stenden, Visit Wadden, Stichting Waddengroep en in netwurk fan sa’n 300 griene ûndernimmers gear om de kommende fiif jier de Waadgastronomy op ’e kaart te setten. Dêrmei wolle se in kulinêre Waadtradysje kreëarje en it grienbewuste en kulinêre toerisme nei Wrâlderfgoed Waadsee, – eilannen en -kuststripe yn Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân op gong bringe.

Kokkels sykje (foto: ©Annette van Ruitenburg)

Waadskiif fan Fiif (boarne: Waddengoud)

Reseptuer en Waadskiif fan Fiif
Ien fan de aktiviteiten yn it programma is it kreëarjen fan in reseptuerbank. Resepten makke troch topkoks en kulinêre eksperts en frij te brûken troch koks, konsuminten en kulinêre gasten. Yngrediïnten foar dy reseptuer binne ôfkomstich fan lokale fiskers op de Waadsee en Noardsee en boeren fan de seeklaai oan de Waadkust en de sângrûnen fan de Waadeilannen. Foarbylden binne fisk, skaal- en skulpdieren, lammefleis, skjippetsiis, sâlte grienten, dúndoarn en cranberry.

Dêrneist sille se ek kennis ferspriede oer sûn iten dat past by de kearnwearden fan Waadsee Wrâlderfgoed. Sa kreëarje se in ‘Waadskiif fan Fiif fan tolve produktgroepen ôfkomstich út it hiele Waadgebiet. De Waadskiif is basearre op fisk, fleis, suvel, nôt, fruit- en peulfruchten en ierappels en makket ôfwikseljend yn it jier ekologysk en seizoensbûn gebrûk fan Waadprodukten mooglik.

Oesterfabryk Skylge (foto: ©Silvester Kok)

Fyftich Waaditenrûtes en online merken
Fierder sil it gearwurkingsferbân fyftich Waaditenrûtes ûntwikkelje as ûntdekkingstocht nei lokale itensprodusinten, kulinêre hichtepunten yn de pleatslike hoareka en oare trekpleisters. De rûtes sette se út yn kustgebiet en eilannen fan Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân. Se soargje foar ferbiningen tusken lokale ûndernimmers. Farrûtes foar de brune float wurde der ek yn opnaam. Toeristen, mar ek bewenners fan it gebiet kinne sa yn ’e kunde komme mei de streek en syn kulinêre pearels. It opsetten fan online merken is ek ûnderdiel fan it programma, lykas regionale webwinkels dêr’t Waadprodusinten yn gearwurkje om de ferkeap fan streekprodukten tagonkliker te meitsjen.

Oestergerjocht ‘t Havenmantsje (foto: ©Dorus Breidenbach)

Ynternasjonale en nasjonale bekendheid & Moanne fan it Waadmenu
Visit Wadden sil de aktiviteiten foar it fuotljocht bringe. Dêroan foegje se ek de ‘Moanne fan it Waadmenu’ ta. In nije reden om nei it Nederlânske Waadwerelderfgoed te reizgjen, binnen de ferhaalline ‘Smaak fan it Waad’ fan Visit Wadden. It moat Waadgastronomy yn de merk posisjonearje as trekker fan kulinêr toerisme.

Dúndoarn (foto: ©Monika Balu)

Finansiers
It Waadfûns makket it programma ‘Waddengastronomie versterkt Werelderfgoedbeleving’ mooglik mei in finansjele bydrage. De provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân kofinansierje it projekt.

 

april 2, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.