Visit Wadden bringt oade oan it Waad

april 1, 2021 08:45 Fernijd

De mearsidigens fan it Nederlânske lânskip is al iuwen in ynspiraasjeboarne foar keunstners. Dat jildt yn it bysûnder foar it Unesco Wrâlderfgoed Waadsee, sawol foar it kustgebiet as foar de eilannen. Mei in nije ferhaalline bringt Visit Wadden in oade oan it moaiste natuergebiet fan Nederlân.

Foto: VVV Skylge

Dat bart troch middel fan ferhalen, bylden en in searje bysûndere moetingen. Dêr wurdt mei oansletten op it temajier ‘Oade oan it lânskip’ fan it NBTC (Nederlands Bureau voor Toerisme en Congressen). De oadeferhaalline is basearre op de wikselwurking tusken minske en natuer. De earste oade is brocht troch Wadwicht Inge Zwerver mei har gedicht ‘Groeien’.

Einleas lânskip
Op it Waad fielt men altyd dat de see tichtby is, ek as men him net sjocht. It is de rook, de wyn, it ljocht. Oan ’e iene kant in lânskip foarme troch minsken. En tagelyk in plak dêr’t de eleminten de frije hân hawwe. It Waad ynspirearret minsken al iuwenlang. Keunstners, wittenskippers en elkenien dy’t der op besite is.

Ferhalen as in oade
De nije ferhaalline kriget in plak op visitwadden.nl, neist besteande tema’s as Smaak fan it Waad en Striid om it Waad. Op de side binne de moaiste oadeferhalen bondele. Lykas Sense of Place, dêr’t Fryslân mei kulturele lânskipsprojekten de unike wearden fan natuer, lânskip en kultuerhistoarje foar in breder publyk mei sichtber makket.

Wadwicht Inge Zwerver
Oade oan it Waad wurdt ôftrape troch Inge Zwerver. Hja is dichteresse en skriuwt heldere en werkenbere gedichten. Dêryn fertaalt se de gefoelens en tinzen fan minsken dy’t se yn it Waadgebiet treft. It Waad sjocht se as in plak mei in protte sielen. De fersen binne lytse portretsjes fan dy sielen, mar gean ek oer de iuwenâlde siel fan it Waad sels.

april 1, 2021 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.