Van Rossems werom mei nije seisdielige rige
Resint ferskynd
De Van Rossems binne werom mei seis nije ôfleveringen. Hja besytsje wer seis stêden en fertelle deroer mei in protte kennis, sljochtwei en mei gefoel foar humor. Maarten docht dat út syn spesjaliteit skiednis wei, Sis as keunsthistoarika en Vincent as ekspert op it mêd fan arsjitektuer. Hja begjinne de sânde rige fan Hier zijn de Van Rossems yn Assen, in stêd dêr’t men noch sykhelje kin, sizze de Van Rossems.
Nei Assen binne de Van Rossems yn Nimwegen, Kampen, Apeldoarn, Schiedam en Utert. Alle foargeande searjes fan Hier zijn de Van Rossems binne werom te sjen op NPO Start.
Utstjoering: alle sneonen fan 8 maaie o/m 12 juny, om 20.30 oere op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje