Utferkocht stadion by honkbalwedstriid Teksas

april 6, 2021 10:01

Foar it earst sûnt lange tiid siet it stadion wer fol by in honkbalwedstriid yn de Feriene Steaten. By de wedstriid tusken de Texas Rangers en Toronto Blue Jays sieten 38.000 taskôgers yn it stadion. Dat is neffens Amerikaanske media in taskôgersrekôr sûnt it útbrekken fan de koroanapandemy.

Foto: pixabay.com

Koartlyn joech de gûverneur fan Teksas tastimming foar in fol stadion, mei’t de koroanasifers dat talitte. Neffens sifers fan The New York Times komt it tal besmettingen deis yn de steat al in pear wike amper boppe de fiiftûzen út. Begjin febrewaris wiene der noch sa’n 18.000 besmettingen deis. Teksas hat likernôch 29 miljoen ynwenners.

Yn it stadion wie wol in mûlekapkesplicht, mar dêr holden net folle taskôgers har oan. Foar’t de wedstriid begûn, wie der in momint stilte foar de koroanaslachtoffers. Nettsjinsteande de stipe ferlear de Teksaanske ploech mei 6-2 fan Toronto Blue Jays.

april 6, 2021 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.