Universiteit en hegeskoallen op 26 april wer iepen

april 12, 2021 17:23

De Kampus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins en de hegeskoallen NHL Stenden en Van Hall meie op 26 april wer iepen. Dat skriuwt Omrop Fryslân op basis “boarnen om it kabinet hinne”.

Oant no ta wurde op in pear útsûnderingen nei de kolleezjes al in jier online jûn. Engelien Reitsma fan de Fryske RuG-ôfdieling seit tsjin Omrop Fryslân: “It is goed foar it wolwêzen dat de studinten fan harren keamers ôf komme en wer mei-ioar leare. Guon rêde harren hiel aardich mei online ûnderwiis, mar oaren hawwe it dreech, benammen ynternasjonale studinten.”

It heger ûnderwiis is by de tydlike iepeningen fan skoallen hieltyd oerslein, mar no sil it dochs oars. Wol moatte de studinten mûlekapkes foarbine, foar de kolleezjes in selstest dwaan en oardel meter ôfstân hâlde. Dat lêste makket dat lang net alle kolleezjes wer mooglik binne. Dan soene de lokalen te fol wurde.

april 12, 2021 17:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.