Unike wynmûne werom yn Baaium

april 27, 2021 09:25

It gebiet tusken Baaium en Winsum is troch it werompleatsen fan de unike Mous Amerikaanske wynmotor in markant werkenningspunt riker.

It ryksmonumint, yn 1935 boud troch Jozef J. Mous út Balk, is folslein renovearre en wer klear om nochris hûndert jier te skitterjen yn it Fryske lânskip. De renovaasje fan de mûne, dêr’t noch mar in stik of trije fan rêden binne foar de neiteam, is mooglik makke troch de stifting Waterschapserfgoed.

Doarpsbelang Baaium is ynnaam mei de restauraasje, mei’t it unike eksimplaar yn it each springt neist it nije fytspaad, dêr’t de doarpen har de ôfrûne tiid sterk foar makke hawwe.

Foto: Rintsje Zijlstra

april 27, 2021 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.