Typhoon en Jurrian van Dongen winne Willem Wilminkpriis

april 19, 2021 08:45

Dûbel priis foar Het Klokhuis by de de útrikking fan de Willem Wilminkpriis. Typhoon wûn de sjuerypriis foar it bêste berneliet mei ‘Stotteren’, in rap dy’t er foar Het Klokhuis makke. En de publykspriis gie ek nei in liet út it NTR-programma: ‘Ziekenhuis’ fan tekstskriuwer Jurrian van Dongen, op muzyk set troch Rutger de Bekker en songen troch Maarten Heijmans. Dat is snein 18 april bekendmakke yn Ynskedee.

Doel fan de twajierlikse Willem Wilminkpriis is it stimulearjen fan it kwalitative berneliet, yn ’e geast fan Willem Wilmink (1936-2003).

‘Stotteren’ (foto: NTR)

Sjuerypriis
Typhoon, dy’t sels as bern stammere, wol mei syn liet jonge stammerders yn harren krêft sette. Ut it sjueryrapport: “Typhoon is deryn slagge om yn syn rap twa begripen dy’t net te ferienigjen lykje, mei inoar te fersoenjen: stammerjen en rappen.”

Neffens de sjuery, besteande út Jeroen Schipper, Ageeth de Haan, Thijs Borsten, Fay Lovsky en Trudie Lucardie, is it liet “grappich en treastend tagelyk yn it ûnder wurden bringen fan in eangstich berneprobleem yn in styl dy’t dêr lyk foaroer liket te stean.”

www.youtube.com/watch?v=TrEkJXR_vXc

‘Ziekenhuis’ (foto: NTR)

Publykspriis
Foar it earst koe ek troch it publyk stimd wurde. Dat keas foar ‘Ziekenhuis’ fan tekstskriuwer Jurrian van Dongen, op muzyk set troch Rutger de Bekker. It liet makket op ymposante wize ynfielber hoe’t men jin as âlder fan in bern mei kanker fiele kin. It wurdt songen troch Maarten Heijmans en it is opnommen yn it Prinses Máxima Sintrum, dêr’t ek de ôflevering fan Het Klokhuis him ôfspilet.

www.youtube.com/watch?v=JnoB8b6ajcU

Rekôrtal ynstjoeringen
De Willem Wilminkpriis is in inisjatyf fan it Wilminktheater en Muziekcentrum Enschede en wurdt sûnt 2010 om it jier útrikt. Dit jier stjoerde in rekôrtal fan 150 komponisten, tekstskriuwers en produsinten harren liet yn. Dêr waarden fiif fan nominearre. De oare trije nominearren wiene Jan Groenteman, Jasper Smit en Gerjan Schreuder.

Sjoch: www.wilminktheater.nl/nl/pQ8JeHw/willem-wilminkprijs

april 19, 2021 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.