Tredde kandidaat foar foarsitterskip Twadde Keamer
Resint ferskynd
Njonken Khadija Arib (PvdA) en Martin Bosma (PVV) hat har hjoed in tredde gadingmakster foar it foarsitterskip fan ‘e Nederlânske Twadde Keamer oppenearre. Vera Bergkamp fan D66 hat ek wol belang by it beethâlden fan de hammer.
Lykas Bosma is frou Bergkamp plakferfangend Keamerfoarsitter. Hja sit goed acht jier yn ‘e Keamer en hat ûnder oaren soarch yn ‘e portefúlje. Yn har sollisitaasjebrief skriuwt hja dat hja each hawwe wol foar de lytse Keamerfraksjes, dat hja de skieding tusken regear en parlemint beweitsje sil en dat hja ferbine wol.
Lês hjirre mear oer de oare kandidaten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje