Tiny Mulder hie hjoed hûndert wurden

april 2, 2021 21:26

Hjoed is it presys hûndert jier lyn dat fersetsfrou, sjoernaliste en skriuwster Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Dat is foar Tresoar oanlieding omtinken te jaan oan libben en wurk fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy.

Tiny Mulder is berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, it langst yn Assen. Op har trettjinde ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Se learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Se gie yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs. Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de oarlochsomstannichheden slagge dat doe net. Yn stee dêrfan rekke se belutsen by it ferset. Fuort nei de oarloch kaam se as sjoernaliste yn tsjinst by it Friesch Dagblad (FD) en yn dyselde snuorje wurke se in skoft as tolk foar it militêr gesach. Se hat úteinlik fjirtich jier, yn dieltiid, by it FD wurke en yn dy tiid ferskate fasetten fan it sjoernalistike fak beoefene.

Tiny Mulder, boarne Tresoar / Sirkwy

Op it literêre mêd hat Mulder op in breed front warber west. Se dichte, skreau ferhalen en twa romans, berneboeken, harkspullen en in bondel mei fraachpetearen Hwer hast it wei? (1971). Fierders hat se oersettings makke fan toanielstikken en fan berneboeken. Se die radiowurk, foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) hold se boekbesprekken en se resinsearre lange jierren boeken foar it FD.

By gelegenheid fan de hûnderste bertedei set Sirkwy hjoed útein mei in dossier oer Tiny Mulder troch de publikaasje fan in stik fan Abe de Vries oer de reizen dy’t Mulder as sjoernalist nei de oarloch makke yn Kanada. De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs yn it dossier pleatst. Ferskate minsken litte harren ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis oer it ferset yn de oarloch en wurdt der yngien op har krewearjen foar de berneliteratuer. Dêrneist komt der skielk argyfmateriaal fan en oer de skriuwster yn it dossier, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.

Boarne: Tresoar

Sjoch hjir foar in ôflevering fan Tresoar Treast Telefyzje oer Tiny Mulder, hjir foar in libbensbeskriuwing en hjirre foar it niisneamde dossier.

april 2, 2021 21:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.