Teater nei de Dam op 3, 4 en 5 maaie

april 18, 2021 08:51

‘Theater Na de Dam’ (foto: Froukje de Jong)

Alle jierren meitsje teatermakkers op 4 maaie spesjaal foar Theater Na de Dam in foarstelling yn it ramt fan de Twadde Wrâldoarloch. By De Lawei bestiet dy tradysje út koarte foarstellingen yn de bûtenlucht. Op 3, 4 en 5 maaie giet it publyk op in bankje op koroanaferantwurde wize yn petear mei seis jongelju út Drachten.

Marnick Veenstra, Leonie Anneke Visser, Nick van Dasselaar, Daniek Hofste, Sylke de Jong en Nova Gabrielle giane yn petear mei minsken dy’t de Twadde Wrâldoarloch meimakke ha. Harren ûnderfiningen diele se mei it publyk yn de ien-op-ien-foarstelling Alleen in Oorlog. Nei ôfrin fan de foarstelling kin der thús geniete wurde fan Frijheidssop, dy’t spesjaal foar Befrijingsdei makke is troch de sjefkok fan De Lawei.

Foar minsken dy’t net nei de foarstelling komme, is de Frijheidssop op 5 maaie tusken 13.00 en 17.00 oere ôf te heljen foar 1 euro (foar twa persoanen). Ofhelje en ôfrekkenje (kontant of pin) kin by it ôfhelpunt oan de Reidingwei-side. Om de neitins oan de foarstelling langer duorje te litten, sit by it sop in tekst út de foarstelling Alleen in Oorlog, sadat thús de ferhalen ek oaninoar foardroegen wurde kinne.

De kaartferkeap foar de foarstelling is ûnderwilens úteinset. Mear ynfo en kaarten fia www.lawei.nl.

april 18, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.