Taus Makhacheva presintearret firtuele jurk yn film
Resint ferskynd
- Fryslân DOK: 210 Joadske smokkelbern yn Fryslân 0
- Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s” 1
- Nije webside mei oarlochsskriften lansearre op Fryske Befrijingsdei 0
- Omrop Fryslân fiert en betinkt 75+1 jier frijheid 0
- Marit Westerhuis wint soloútstalling YGA III yn Grinzer Museum 0
It Frysk Museum presintearret de nije grutte útstalling Taus Makhacheva: It’s possible to raise the ceiling a bit. Yn objekten, films en ynstallaasjes reflektearret Makhacheva (Moskou, 1983) op rituelen, fieringen en it ûngewoane yn it aldendeiske, mei boartlike en humoristyske ûndertoanen.
De útstalling soe normaalwei op sneon 27 maart iepene wêze, mar bliuwt troch de ferlinge tichtplicht noch efter sletten doarren. Om omtinken te jaan oan de iepening, is ôfrûne wykein in nij, digitaal wurk fan Taus Makhacheva yn premjêre gien op de sosjalemediakanalen fan it museum. Mei de keunstnersfilm Vernissage Ensemble fertaalt Makhacheva de eksposysje yn in firtuele jurk.
Taus Makhacheva hat ûntwerper Panika Derevya en filmmakker Alexandra Pustynnova útnûge om in firtuele jurk te ûntwerpen. It digitale wurk is tagelyk in jurk as objekt dêr’t men simpelwei ‘ynstapt’. Elts elemint fan de jurk, ûntwurpen as appliqué of as ûnderdiel fan de struktuer, ferwiist nei it oeuvre fan Makhacheva en nei de wurken dy’t yn de útstalling te sjen binne. Yn de fideo Vernissage Ensemble wurdt de jurk ûntbleate.
De keunstnersfilm is te sjen op de Facebook-, Instagram– en YouTube-side fan it museum.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje