Taboesfear

april 12, 2021 22:08

Boarne: pixabay.com

Ien fan de dingen dêr’t de minsken yn it algemien net gau oer prate, is de ynkontininsje fan urine of ûntlesting. Yn dit ferhaal giet it benammen oer it lêste. Sa’n 15-20% fan de minsken tusken de 25 en 75 jier hat lêst fan urineferlies en 5-10% ferlies fan gas, focht of fêste kakkeneed. By it âlder wurden komt it folle faker foar en dat hat it in grutte ynfloed op de kosten fan de sûnenssoarch. Help fan in eventuele partner, mantelsoarger, thússoarch of in ferpleechtehûs wurdt needsaaklik.

Sûnder mis lijt de kwaliteit fan de produktivens derûnder en ûnderfine de libbensomstannichheden in soad beheiningen. En it hat in negatyf effekt op it gefoel fan eigenwearde en gelok. By it normaal funksjonearjen fan de kontininsje-organen lykas bekkenboaiem, earsterm, senuwbanen en de twa slútspieren fan de anus spilet it probleem meastal net sa.

Yn it bysûnder âlderen wurde de oandrang en it nedich moatten faak minder gau gewaar. By oandwaningen fan neurologyske en psychyske aard of as gefolch fan bywurkingen fan medisinen komt it probleem lykwols geregeld foar. Pleatslike yngrepen, drege befalling of sykten fan de earsterm sels kinne it ek feroarsaakje.

By minsken dy’t in ynfeksjesykte hawwe en dan ek noch groanyske diarree of groanyske oandwaningen is der soms gjin hâlden mear oan. Der is wol in grut ferskil tusken allinnich wat sketen, fochtôfskieding of ferlies fan fêste ûntlêsting (graad 1-3), mar it bliuwt allegear lestich.

Fansels jout it ferhaal en de skiednis fan de pasjint de wichtichste ynformaasje. Utwindich en ynwindich ûndersyk fan de útgong fan it termkanaal troch de húsdokter binne dêr in oanfolling op.

Der binne in soad metoaden om mear ynformaasje te krijen yn de spesjalistische setting. Fierder is dieetanalyze fan grut belang om bygelyks te sjen oft der net te folle sûkers en te min fezels ynnommen wurde.

De terapy en it begelieden rjochtsje har yn it bysûnder op de beswieren mei medyske helpmiddels, mar der wurdt faak besocht it barren te beynfloedzjen troch medisinen, bekkenboaiumfysioterapy of úteinlik sels sjirurgy of in technyk mei stimulaasje fan senuwbanen. Dat alles út soarte yn spesjalisearre kliniken.

Matthijs Verkuijl

april 12, 2021 22:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.