Swarte Pyt net langer tastien op Facebook

april 13, 2021 17:00

Foto’s fan Swarte Pyt meie net mear op Facebook set wurde. Dat hat de nije rie fan tafersjoch fan it Amerikaanske bedriuw hjoed buorkundich makke. De rie oardiele as in soarte rjochter oer in klacht fan in Nederlânske klant. Dy hie in foto fan in bern mei twa swarte piten op Facebook set.

De rie oardiele dat Swarte Pyt yn Nederlân dan wol as in ûnskuldich feest sjoen wurdt, mar dat “blackface troch in soad minsken sjoen wurdt as in skealik rasiaal stereotype”. Mei blackface wurdt in Amerikaanske tradysje út it begjin fan de foarige iuw bedoeld. Blanke minsken ferven harren gesicht dan swart en spilen dat se swarte artysten wiene. Swarte artysten mochten doe sels op in protte plakken net komme.

Net alle leden fan de rie wiene it iens mei it oardiel. Guon wiene fan betinken dat der te min bewiis wie dat de foto skealik wie.

Nederlânske media hawwe lêst fan de Amerikaanske maatregels: Instagram, dat ek fan Facebook is, helle dit jier ek foto’s fan de NOS fuort omdat der swarte piten op stiene. Fierders wurde geregeld foto’s fan bleate minsken ferwidere. Bleate minsken binne yn ‘e Feriene Steaten ek in taboe. Minsken yn oare lannen meitsje soms mei dat harren abonnemint opsein wurdt omdat hja in foto pleatse dêr’t yn Amearika oer stroffele wurdt.

It Nijs hat it noch net meimakke, mar it soe foarkomme kinne dat Facebook it akkount blokkearret as der in foto fan in swarte pyt pleatst wurdt. Dan wurde tûzenen Facebookfolgers net mear berikt. Sa hat in bûtenlânsk bedriuw ynfloed op de nijsfoarsjenning yn Fryslân.

april 13, 2021 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.