Sûnder opstanning soe rjochtfeardich libjen gjin doel en sin ha

april 4, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Oscar Romero wie aartsbiskop yn El Salvador. Hy kaam yn ferset tsjin grutgrûnbesitters dy’t de earmen útrûpelen. Dêrom waard er, wylst er in preek hold, deasketten. Ien út it folk sei: “Romero is in maiskerl, mar út dy kerl sil in kolf groeie mei in hiel soad sied!” Sels hie Romero sein: “As se my deameitsje, sil ik opstean yn it Salvadoraanske folk.”

Hjoed fiere wy Peaske. Hiel djip beseffe wy dat de dea fan Jezus net de ein is fan syn ‘projekt’. Oars soe it ûnrjocht it lêste wurd ha. Jezus, de Rjochtfeardige, stiet op yn syn neifolgers, en wurdt foar de wrâld in ‘model’ fan de rjochtfeardige: “De wrâld sil sjen wat in rjochtfeardige is” (Jesaja 53:11).
Dêrom fiere wy hjoed dat it goed is mei de Tsjinstfeint, mei ús, en mei de wrâld. De Tsjinstfeint kriget nei al syn lêst en lijen ‘ljocht’ te sjen; wy, syn neifolgers, sille syn neigeslacht wêze; de wrâld sil Him sjen as in ‘model’ foar minske en mienskip-wêzen (Jesaja 53:10-11).

Rjochtfeardigen offerje harsels op, dat oaren libje kinne. Foar de God dy’t de Geastkrêft fan dy libbensstyl is, sjonge wy hjoed ús Halleluja! Mar de grutte fraach oan de gemeente is: Wolle wy groeie yn dy libbensstyl fan de rjochtfeardige? Jesaja 53 is ommers ‘in oanwizing foar de gemeente fan alle tiden om hokker wize fan libjen it giet.’
Hoe binne wy trou oan minsken dy’t lije? Hoe drage wy ûnbaatsuchtich de skuld fan ’e wrâld? Hoe fersette wy ús tsjin machten dy’t it libben bedriigje? Hoe ha wy honger en toarst nei de gerjochtichheid?
Nei Jezus syn dea komme der stadichoan kristengemeenten. Sy moatte ‘lichem fan Kristus’ wêze: syn hannen, fuotten, eagen en earen wurde.

De Heare wiist ús sels de wei
en wy, syn leden, geane mei,
syn nije wrâld temjitte. (Gesang 630: 4).

Lêze: Jesaja 53:11-12 en Lukas 24:1-8

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
april 4, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.