Stúdzje: malariafaksin 77 persint effektyf
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
- Fleisfrettende baktearje 0
In kandidaat-faksin foar malaria, ûntwikkele troch wittenskippers fan de Universiteit fan Oxford, is foar 77 persint effektyf. Dat stelle ûndersikers yn in noch net troch fakgenoaten beoardiele stúdzje.
450 bern tusken 5 en 17 moanne âld út Burkina Faso diene oan it ûndersyk mei. Hja waarden ferdield yn trije groepen. Twa krigen it faksin mei ferskate doases fan in helpstof, de kontrôlegroep krige in rabiësfaksin. By de groep mei de hegere doasis helpstof bliek it faksin foar 77 persint effektyf te wêzen, by de groep mei de legere doasis 71 persint. De ûndersikers sizze dat it de earste resultaten binne dy’t foldogge oan it doel fan de Wrâldsûnensorganisaasje foar op syn minst 75 persint effektiviteit. De ûndersikers wolle de resultaten publisearje yn it wittenskiplike tydskrift The Lancet.
De ûndersikers binne no yn fjouwer Afrikaanske lannen dwaande mei in finen fan 4800 bern tusken de fiif moanne en trije jier foar harren faze 3-stúdzje, de lêste faze dy’t nedich is foar’t it faksin op de merk ferskine kin. It Yndiaaske Serum Institute is fan doel om de kommende jierren 200 miljoen doases jiers te produsearjen, lit de universiteit witte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje