Streekdichter fan Noardeast-Fryslân: Klisjees

april 3, 2021 09:30 Fernijd

Geart Tigchelaar (foto: Pieter Postma)

Klisjees

mei-inoar de skouders derûnder
en mei-inoar troch de wrâld

binne fan dy klisjees dy’tst net
brûke meist

yn in gedicht krûpe se wei
dêr’t wierheden allang skûlje

wy net langer foar ússels
mar foar de oar
dy’t foaral oars is

it komt no net op begripen
oan meifielen allikemin

klopje de moude ôf
set se op ’e skouders
en sjou se de wrâld oer

Geart Tigchelaar | Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

april 3, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.