Strange nije regels om Dútslân yn te kommen

april 5, 2021 15:08

Men kin fan tiisdei ôf noch minder maklik nei Dútslân ta. De measte minsken dy’t de lânsgrins oerstekke, moatte yn Dútslân bewize kinne dat se gjin koroana ûnder de lea hawwe. Dêr hawwe se in testútslach foar nedich.

Dútslân set Nederlân yn de heechste risikokategory wat it koroanafirus oanbelanget. Dat komt trochdat it persintaazje besmettings al in hoart oer de twa promille leit.

Minsken dy’t Dútslân yn geane, moatte yn it lân fiif dagen yn karantêne. As hja dan mei in test sjen litte kinne dat se gjin koroana haww, meie se it lân yn. Sûnder test moatte se dêrnei nochris fiif dagen yn karantêne.

De regels jilde ek foar minsken dy’t foar har wurk of stúdzje nei Dútslân ta moatte, útsein frachtriders. Dy’t him der net oan hâldt, kin in boete krije.

april 5, 2021 15:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.