Smidderij

april 6, 2021 12:54

As der yn de rin fan de iuwen ien bedriuwsfoarm bot feroare is, dan is it wol it berop fan smid. Hie de doarpssmid foarhinne in wurkpleats mei in smidsfjoer, dêr’t er de izers gleonhjit yn wurde liet om se op it ambyld mei alderhande tangen en hammers te bewurkjen, no giet dat hiel oars.

Trije grutte bedriuwen – yn Drachten, Grins en Seelân – meitsje mei-inoar folslein automatisearre miljoenen hoefizers foar eksport oer de hiele wrâld. Firma Mustad yn Drachten bygelyks makket wol sa’n 650 ferskillende izers fanwegen it feit dat elk hynder, ras en funksje syn eigen easken stelt.

Ik bin op besite by Wietse Prins, hoefsmid yn Sint-Nyk. De measte dagen yn de wike is dwaande mei it kâld oanbringen fan nije izers by hynders yn ferskillende plakken yn de provinsje. By maneezjes, hurddraversbanen, hynstehâlderijen en partikulieren. Ut Seelân, fan de Keninklike Kercheart, kriget er geregeldwei nije izers.

Foto © Matthijs Verkuijl

Net allinnich de grutte is fan belang, mar ek de dikte neigeraden de belêsting. It is ornaris nedich om by de hynders de izers yn trochsneed ien kear yn de twa of trije moanne te wiksjelen. De hoef is eins in hoarnen útein fan de foet. It is by it beslaan fan grut belang om in line op de hoef goed yn ’e gaten te hâlden. Net derbinnen en net te fier derbûten.

By hynders yn de maneezje is it faak net nedich om izers te brûken. Dan leit it wurk benammen op it ûnderhâld fan de foet. Dat proses bestiet net allinnich út it bekapjen, mar ek it ôfsnijen en byfyljen fan de rânen. Sa wurket de hoefsmid oan it behâld fan de goeie stân fan de hoef en komt er slitaazje tefoaren. Allinnich by in foarm fan artroaze fan it hynder is in izer wol winslik, omdat it oars gau breklik op ’e gong wurdt.

Yn wêzen binne hynders flechtbisten, mar by it beslaan giet it meastal wol rêstich om en ta. Mar net altyd, dat de smid moat wol altyd op syn iepenst wêze. Foar de lea is it in tige swier berop. It hat dan ek in ûnwisse takomst, want it is mar de fraach oft de jongerein it wol oantreklik fynt.

Matthijs Verkuijl

april 6, 2021 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.