Sina lansearret earste part foar eigen romtestasjon
Resint ferskynd
Sina hat de earste module fan in nij, eigen romtestasjon lansearre. Tongersdeitemoarn stige de Tianhe (‘himelske harmony’) fan in eilân foar de Súd-Sineeske kust op. Nei de lansearring lokwinsken meiwurkers fan de Sineeske romtefeartorganisaasje CNSA inoar yn it flechtsintrum.
De lansearre module is de 22 ton swiere kearnmodule dy’t foar elektrisiteit en oandriuwing soarget, en in ûnderkommen biedt oan trije taikonauten. It Sineeske stasjon liket wol wat op it ISS, mar is in stik lytser, likernôch in fearn. Yn minder as twa jier nei de lansearring moatte der tsien flechten opstiigje mei lading oan board: twa wittenskiplike modules, fjouwer frachtskippen en fjouwer Shenxhou-kapsules mei personiel. De earste astronauten komme yn juny oan.
De lansearring fan de Tianhe is wichtich foar ûndersyk nei effekten fan romtereizen op it lichem, foaral mei it each op ’e takomst. It stasjon jout Sina ûnderfining mei lange romteflechten yn in lege baan om de ierde, en dy is nedich foar de plende moanneflechten mei minsken oan board yn de jierren tritich.
Ein takom jier moat it Sineeske romtestasjon klear wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje