Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s”

april 15, 2021 15:21

Lytse folken lykas Friezen binne soms de mearderheid yn ien regio, mar de minderheid yn it hiele lân. Omdat de regio minder te fertellen hat as it lân, is it lestich om jild te krijen dat ornearre is foar spesifike belangen fan de regio, lykas regionale ekonomy en de eigen taal.

Omdat regio’s oan de krapperein komme, besiket in groep Europeanen sûnt 2019 om it makliker te meitsjen dat regio’s Europeeske subsydzjes oanfreegje om it eigene te behâlden. Hja hawwe in petysje skreaun dy’t hja oan de Europeeske Uny oanbiede wolle.

Neffens de petysje, dy’t al mear as in miljoen kear ûnderskreaun is, moatte regio’s har ekonomysk duorsum ûntjaan kinne. Fierder moat har ekonomyske, sosjale en territoriale ienheid beskerme wurde en moat har eigenheid yntakt bliuwe. Underskriuwen is mooglik oant 7 maaie.

De tekst fan de petysje fine jo hjir.

Hjir kinne jo de petysje ûnderskriuwe.

april 15, 2021 15:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim april 15, 17:13

    Nuver dat de 1 miljoen hantekeningeneask noch altiten net oanpast is oan de Brexit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.