Set de toan foar it Sjongfestival

april 21, 2021 09:12

Yn 2021 is der fanwegen de koroanakrisis gjin regulier Sjongfestival. Yn stee dêrfan komt Omrop Fryslân Tsjil mei in spesjale rige dêr’t Raynaud Ritsma in nij ferske yn betinkt en mei skoalklassen makket. It format is bedoeld as alternatyf foar it tradisjonele festival. Foar dit unike konsept wurdt de help ynroppen fan alle Fryske basisskoallen. Der moatte safolle mooglik toanen sammele wurde. Dêr kin elkenien by helpe! 

Foto: Jan Bensliman

De toanen sille de reade tried troch de útstjoeringen hinne foarmje. Dêrom is de oprop ek om safolle mooglik ferskate lûden yn te stjoeren. Fan in fytsbel oant in dwersfluit, fan in gjalp oant in saksofoan, fan in sjongtoan oant in doar dy’t tichtklapt, alles is mooglik. De oprop jildt foar alle bern, mar fansels meie âlden, paken en beppen ek meidwaan.

De toanen kinne foar 9 maaie ynstjoerd wurde nei info@sjongfestival.frl yn de foarm fan in filmke; dat giet it bêste mei WeTransfer.

Sjongfestival, de online hitfabryk 
It programma, mei de titel Sjongfestival, draait om de wille fan it muzyk meitsjen en it ynspirearjen fan skoallen ta (Frysk) muzykûnderwiis. Fjouwer skoallen krije de opdracht om mei help fan twa professionals yn ien dei in ferske te meitsjen. Se krije de kar út rock, country, dance en hiphop. De tekst skriuwe se sels, oer in ûnderwerp dat sy belangryk fine. Dêrneist wurde sjoggers ynspirearre mei edukative explainers.

Fan 17 maaie ôf is it Sjongfestival moandeis te sjen fia Youtube.com/tsjil, Instagram.com/tsjil_, Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.

Organisaasje Sjongfestival 
It Sjongfestival is in talintejacht foar basisskoallen, twa kear yn it jier. Learlingen út groep 6, 7 en/of 8 foarmje in koar en sjonge sa moai mooglik in Frysk liet. By it Sjongfestival wurkje Cedin, Keunstwurk/SAKO, de Afûk en Omrop Fryslân gear oan de grutste Fryske muzykwedstriid foar basisskoallen. It draacht by oan de ambysje Taalplan Frysk 2030.

april 21, 2021 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.