Rutte woe Omtzigt minister meitsje

april 1, 2021 13:56
Pieter Omtzigt (foto: Wikipedia – publyk domein)

“Ik lieg niet”, sei de Nederlânske premier Mark Rutte tsjin de Twadde Keamer. Dy naam him hjoed ûnder fjoer, om’t út oantekens bliken die dat er de ferkenners Annemarie Jorritsma en Kajsa Ollongren útsteld hie om it krityske CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt minister te meitsjen. Earder sei Rutte dat er neat oer Omtzigt sein hie. Omtzigt sei sels dat der neffens him wat geheim hâlden waard.

Rutte hat earder sein dat er mei de ferkenners net oer Omtzigt praat hie. Dêr kaam er hjoed yn de Twadde Keamer op werom. Neffens Rutte hat er yndied sein dat Omtzigt om him wol minister wurde koe. Hy sei dat er fergetten wie dat er oer Omtzigt praat hie.

Frou Jorritsma hat ek op ‘e siik west nei in plak foar Omtzigt. Sa soe er miskien Keamerfoarsitter wurde kinne. Rutte sei hjoed yn ‘e Keamer dat hy net oer de takomst fan Omtzigt giet en dat Omtzigt om him wolkom wêze soe as foarsitter.

De Twadde Keamer reagearre poerlilk op de ûntdekking.

april 1, 2021 13:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.