Resept: ein mei whisky

april 25, 2021 16:00

Understeand resept waard ús tastjoerd troch ien fan ús lêzers. Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

Foto: pixabay.com

Resept: Ein mei whisky

Jo binne nedich:
1 ein fan omtrint 5 kilo
2 litersflessen Skotske whisky
3 spekreepkes
4 oliveoalje

Tarieding:
De ein in bytsje iepen snije en fleis lardearje mei de spekreepkes. De ein oan ’e binnenkant ynwriuwe mei sâlt en piper. Alfêst de oven 10 minuten foarferwaarmje op sa’n 180 gr.
Dan in longdrinkglês foar de helte folje mei whisky.
De whisky flot opdrinke tidens it opwaarmjen fan de oven. De ein op in fjoerfêste skaal lizze. In 2e glês whisky ynskinke, linich opdrinke en dan de ein yn ’e oven sette.
Nei 20 min. de oven op 20 gr en 2 glêzen fol jitte mei whisky. De glêven opdrinke en de skerven daliks oplûme.
In nijf glêf ynsjinke en dalikssss opdlinke. Dan sâlve foar blânwûnen út de bladkeamer helje en de linkerhân ynsmalle. Nei in healoele de oven iepen dwaan om de ein te tssssjekken. Jou dan de oven in traap. Sadat de doar iependondelt. Wer 2 glêven whisky ynsjinke en it middelste glêf leechdwinke.
De ove iependwaam as it ealste glêf leech is en de skoetel mei d’ ein fêstpakke.
De brânsjalfe no ek op de rlochterhân smalle. Dein oppakke. Mei in handoek de sâlve fan dein fege. De hannen fetflij meitsje mei whisky, de tubbe dede salve wer fan de glûn pakke. Stikkenene glêven opfeegje en dein wel yn de oven werom tliuwe.
Dan dein fan de glûn pakke en noggis besykjeje.
De oven earst iependwaan. De  twadde flesse whisky iepen dogge. T’Fet fan de fwier fegelje en it spekfet ûndel de kast feegje. As opstean fan de fwier as tochmar sitten beliuwe.
De blesse whisky op ’e glûn sette en sa út ’e fwesse dwinke want alle glêven bin kapots.
De oven útsette, de ofen tichtdondelje en dan omfalle.
(Even suchtsje en stinne.)

De oare deis, let op ’e middei, de ein oansnije. De rotsoai yn ’e keuken oprêde, muorren en plafond skjinmeitsje. De glêsskerven en de lege flessen nei de glêskontener. Keapje genôch parasetamol en ibuprofin en rennies om de oare deis wer fris nei it wurk te gean en tink der om: alle begjin is dreech!

april 25, 2021 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.