Remco Hoogsteen (21) út Kollum nije toetsenist Vangrail

april 28, 2021 08:57

Nei’t Wiebe de Jong fan De Jouwer nei santjin jier besleat om by de band Vangrail op te hâlden, moast de band op syk nei in oare toetsenist. De syktocht duorre net lang, want de namme Remco Hoogsteen wie al in pear kear nei foaren kommen. De 21-jierrige Kollumer hat it diploma fan D’Drive en studearret no oan it konservatoarium yn Swol.

Remco Hoogsteen (eigen foto)

Wiebe de Jong hat as toetsenist goed santjin jier alles jûn, mar joech begjin dit jier oan dat er it net mear opbringe koe om oan in bomfolle aginda fêst te sitten. Dat fielde net earlik nei de rest fan de band ta en dêrom hat er it beslút nommen om by Vangrail op te hâlden. De Jong sil sydlings wol altyd belutsen bliuwe, dat kin net oars nei sa’n lange tiid.

De grutske opfolger
As 9-jierrich jonkje krige Remco Hoogsteen it keyboard fan syn krekt ferstoarne pake. Op dat stuit wist er noch net wat dat tewei bringe soe. Doe’t er op syn 15e de fêste toetsenist fan de skoalband waard, gie der in knop om. No in jiermannich letter komt er by de bekende Fryske/Grinslanner band Vangrail. Remco: “Ik bin tige grutsk dat ik de opfolger fan Wiebe bin en ik haw in protte sin oan de kommende perioade. Ik hoopje dat we gau wer spylje meie, mar foaral de livesjo’s sjoch ik tige nei út.”

Lang twivele hat Remco net: “De kâns om by in band as dizze te kommen, kriget men net faak. Ik wol graach muzikant wurde, dus dy kâns kin en wol ik net rinne litte.”

Remco stelt him yn dit filmke efkes foar:

april 28, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.